Gaatske Wiersma listtriuwer SP

Gaatske Wiersma fan de Fûgelpits yn Moddergat is listtriuwer fan de SP by de steateferkiezings yn maart. Se stiet op it 26e plak.

Op nûmer 25 stiet Farshad Bashir, it Ljouwerter gemeenteriedslid dat foar de SP ek meidie oan de Twadde Keamer-ferkiezings. De nûmer ien foar de Sosjalistyske Partij by de steate-ferkiezings is Ad van der Kolk.

Bron: teletekst Omrop Fryslân, 1 december 2006

Fiif Fryske Twadde Keamerleden

Fryslân leveret seker fiif Twadde Keamerleden. It giet om Joop Atsma en Roland Kortenhorst foar it CDA, Lutz Jacobi en Jacques Tichelaar foar de PvdA en Tineke Huizinga foar de Christenunie.

Farshad Bashir stie op nûmer 25 op de list fan ‘e SP, mar omdat hy dat plak dielt mei noch njoggen oaren is it noch mar de fraach oft hy ek yn de keamer komt. Itselde jildt foar Sander de Rouwe, de nûmer 47 fan it CDA. Hy kin mooglik ‘trochskowe’ nei de keamer sadree’t der in nij kabinet komt mei dêryn it CDA.

Bron: teletekst Omrop Fryslân, 23 november 2006

Faktor Freed: Farshad Bashir

Presintaasje: Dieuwke Kroese en Eelke Lok.
Gasten:
*Foppe de Haan
*Anita Andriesen,
*Farshad Bashir fan Ljouwert. Dizze jonge SP-politikus (18 jier!) sit al yn de gemeenteried en stiet ek al op de kandidaatslist foar de de Socialistische Partij yn de Twadde Keamer. Mar de kâns dat hy dêr ynkomt is net sa grut, want hy stiet op nûmer 25 fan de list. Justerjûn organisearre hy mei oaren yn Ljouwert in betinking fan de slachtoffers fan de Skipholbrân. Ien fan de minsken dy’t dêrby omkaam wie de Maribel, in ynwenster fan Ljouwert. Farshad besiket no jild yn te sammeljen foar har soantsje Jerry. It jonge riedslid is bern yn Kabul yn Afghanistan. Syn famylje is dêr wei flechte doe’t hy noch in jonkje wie. Hoe sjocht hy tsjin de hjoeddeistige situaasje yn it lân oan, en wat fynt hy derfan dat Nederlân nochris wer 130 ekkstra militairen dêr hinne stjoert?
www.farshadbashir.nl

Omrop Fryslân, Faktor Freed, 27 oktober 2006 om 19.15 uur

Bron: teletekst Omrop Fryslân, 27 oktober 2006

Bashir (SP) lukt klacht wer yn

It Ljouwerter riedslid Farshad Bashir (SP) hat freed op in rjochtsitting yn Den Haach syn klacht tsjin de gemeente Ljouwert fuortdaliks wer ynlutsen. Hy hie in klacht yntsjinne oer húsbesites by minsken mei in útkearing.

Bashir hie him oansletten by in groep fan 81 minsken. Sy easken yn in koart pleit dat 21 sosjale tsjinsten ophâlde mei de húsbesites. Mar om’t Bashir sels gjin útkearing hat, hat er gjin persoanlik belang yn dizze saak.

Bron: teletekst Omrop Fryslân, 15 september 2006

Faktor Freed: hoe is’t no mei…

Hoe is’t no mei:….Farshad Bashir fan Ljouwert, it jongste riedslid fan hiel Nederlân. Farshad is 18 jier en sit noch op skoalle (eineksamenklasse VWO). Hy komt foar de SP yn de Ljouwerter gemeenteried. By de gemeenterieds-ferkiezings behelle hy mar leafst 408 foarkarstimmen. Hoe sil hy it politike wurk kombineare mei skoalle en wat wurde syn spearpunten?

Omrop Fryslân, Faktor Freed, 10 maart 2006 om 19.15 uur

Bron: teletekst Omrop Fryslân, 10 maart 2006

Jongste riedslid is Ljouwerter

It jongste riedslid fan Nederlân komt foar de SP yn Ljouwert yn de ried. It is de 18-jierrige Farshad Bashir. Bashir helle by de ferkiezings 408 foarkarstimmen.

It jongste riedslid sit yn de eineksamen-klasse fan it VWO. Hy sil him yn de ried dwaande hâlde mei jongereinsaken, ûnderwiis, kultuer en sport. De SP wûn yn Ljouwert ien sit derby, en hat aanst 4 sitten.

Bron: teletekst Omrop Fryslân, 8 maart 2006

Gemeenteriedsferkiezings & allochtoane kandidaten

7 maart, gemeenteriedsferkiezings. Yn 31 Fryske gemeente is de kampanje no goed los. Op hieltyd mear listen komme ek nammen foar fan allochtoane kandidaten. Yn Omnium sitte der fannemiddei in pear oan tafel om te praten oer riedsferkiezings, politike ambysje en politike yntegraasje.

Presintaasje: Rene Koster

Omrop Fryslân Radio, Omnium, 23 februari 2006 om 16.30 uur

Bron: teletekst Omrop Fryslân, 23 februari 2006

Myndomyn: Farshad Bashir

Farshad Bashir is 17, wennet yn Ljouwert en is aktyf lid fan de SP. Hy sit foar de partij yn it linkse platfoarm KEER HET TIJ, en stridet tsjin it belied fan de regering. Ek is hy bestjoerslid fan it kernbestjoer SP Ljouwert.

En as dit noch net genôch is, hy makket ek noch diel út fan de saneamde “Groep van Dertig”. Dit binne tritich jongeren dy’t 1 kear yn’e moanne les krije fan Jan Marijnissen. It doen is harren klear te stomen foar in politike loopbaan op it heechste nivo.

Omrop Fryslân, Myndomyn, 28 september 2005 om 18.45 uur

Bron: teletekst Omrop Fryslân, 28 september 2005