Nei de slach

‘Dat was me het weekje wel’, soe ús Hollânsktalige FNP-er wol sizze. Earst al dy skok fan Repke dy’t syn pypke oan Bert joech. Folslein onferwachts; foar ús as leden, mar ek foar de boargemaster, dy’t dêr tiisdeitejûn syn fernuvering oer útspriek.
It wie de jûn fan it ôfskie. De fjouwer âlde getrouwen: Hillie, Lucy, Minke en Wietze. Mar ek noch alve oaren, neffens krante en webside. Mar op dy foto’s wienen mar 14 te finen en op dy fan gemeentewege mar mei 13 nammen yn it byskrift. It bêste keal út it hok, Fokke Klaver, waard net neamd; is D66 al net genôch ôfstraft troch it lanlike partijgebûkel?

Treffend trouwens hoe ‘t Middel – sels soe er skriuwe: Bert, want hy wie o sa foarnammefokust, sei er – nei noch mar in goed hondert regeardagen dy ôfswaaiers karakterisearre.

Hy wie trouwens hielendal goed op dreef ferliden wike. Tongersdeitejûn, by de befestiging sil ‘k mar sizze, iepene er de plechtichheid mei ‘t flotwei foarlêzen fan ‘e formule dy’t dan brûkt wurde moat. Mar yn ‘t FRYSK, ferdomd! Yn gjin jierren foarfallen. Noch noait miskyn, of it moat onder Rinse Zylstra west ha.

Dat fyn ik no nijs. De nije Drachtster ha ‘k it net yn fûn, de Ljouwerter hie ‘t freed krekt yn ‘Gehoord en gezien’. ‘ZE STONDEN even met hun oren te klapperen. Onder meer de Surinaamse familieleden en vrienden van het Drachtster raadslid Harry Balgobind verstonden niks van het taaltje’, ensfh. Dat wat denigrearjend oandwaand ‘taaltje’ stiet my net oan dêrom. En wat dat earklapperjen oanbelanget: letterlik noch figuerlik wat fan fernaam, en ik siet flak achter de famylje…

‘k Bin trouwens bang, dat de har taalkundige bagaazje onderskat wurden is: tsjin Harry sels ha ‘k noch noait oars as Frysk praat, sonder kommunikaasje-problemen en ien fan syn fans wennet al 30 jier yn Drachten, fertelde er my op wei nei ‘de bok’.
Boppedat, it jongste riedslid – Farshad Bashir fan ‘e Ljouwerter SP, út Afghanistan – koe lêstendeis it Frysk fan de Omrop Fryslân-onderfreger mar knap wikselje. Om koart te gean: wy hoege ússels as Friezen yn Fryslân net te diskriminearjen. Dat dogge dy Frysktalige aspirant-bestjoerders al genôch, dy’t de foarset fan ‘e folbloed-Grunneger Middel der net ynkopten, mar spikerhurd de gelofte of de eed yn ‘t Hollâns ôfleinen. Wat moatte we mei sokke slopankelige fertsjintwurdigers.

Gelokkich hie Wietze Lap mear rêchbonke toand: hy hie ‘t tradysjonele lintsje foar langer as tolve jier riedslidmaatskip wegere. Troch de jierren hinne hat er fansels wol altyd in steil wurd fierd, mar as it nypt en weder nypt, moat men ‘t mar ôfwachtsje. Syn, ek o sa prinsipjele , fraksjegenoate fan destiids, Noor Claase, liet har doch mar moai onderskiede, hoe bot as se yn har jonge(re) jierren ek tsjin ‘t systeem oanskopt hie…

De Wylgen Koop C. Scholten

N.S. Soe Middel saterdeijonne ek op ‘veurjoarsveziede’ west ha by de Grunneger Sproak? Adeldom ferplichtet al, fansels…

Bron: fnp-smellingerlan.nl, 20 maart 2006