Gaatske Wiersma listtriuwer SP

Gaatske Wiersma fan de Fûgelpits yn Moddergat is listtriuwer fan de SP by de steateferkiezings yn maart. Se stiet op it 26e plak.

Op nûmer 25 stiet Farshad Bashir, it Ljouwerter gemeenteriedslid dat foar de SP ek meidie oan de Twadde Keamer-ferkiezings. De nûmer ien foar de Sosjalistyske Partij by de steate-ferkiezings is Ad van der Kolk.

Bron: teletekst Omrop Fryslân, 1 december 2006

SP-er Bashir twivelt oer Keamer

It Ljouwerter SP-riedslid Farshad Bashir oerwaget om syn keamersit wer beskikber te stellen at er keazen wurdt. De Kiesraad makket moandei bekend wa’t yn de Keamer komt.

Nei de grutte winst fan de SP by de ferkiezingen fan ferline wike binne syn kânsen tanaam. Mar Bashir twivelt no tusken syn stúdzje en de Keamer. Boppedat tinkt it SP-riedslid dat hy net serieus naam wurdt yn de Twadde Keamer, omdat hy noch mar 18 jier is.

Bron: teletekst Omrop Frysân, 27 november 2006

Fiif Fryske Twadde Keamerleden

Fryslân leveret seker fiif Twadde Keamerleden. It giet om Joop Atsma en Roland Kortenhorst foar it CDA, Lutz Jacobi en Jacques Tichelaar foar de PvdA en Tineke Huizinga foar de Christenunie.

Farshad Bashir stie op nûmer 25 op de list fan ‘e SP, mar omdat hy dat plak dielt mei noch njoggen oaren is it noch mar de fraach oft hy ek yn de keamer komt. Itselde jildt foar Sander de Rouwe, de nûmer 47 fan it CDA. Hy kin mooglik ‘trochskowe’ nei de keamer sadree’t der in nij kabinet komt mei dêryn it CDA.

Bron: teletekst Omrop Fryslân, 23 november 2006

Faktor Freed: Farshad Bashir

Presintaasje: Dieuwke Kroese en Eelke Lok.
Gasten:
*Foppe de Haan
*Anita Andriesen,
*Farshad Bashir fan Ljouwert. Dizze jonge SP-politikus (18 jier!) sit al yn de gemeenteried en stiet ek al op de kandidaatslist foar de de Socialistische Partij yn de Twadde Keamer. Mar de kâns dat hy dêr ynkomt is net sa grut, want hy stiet op nûmer 25 fan de list. Justerjûn organisearre hy mei oaren yn Ljouwert in betinking fan de slachtoffers fan de Skipholbrân. Ien fan de minsken dy’t dêrby omkaam wie de Maribel, in ynwenster fan Ljouwert. Farshad besiket no jild yn te sammeljen foar har soantsje Jerry. It jonge riedslid is bern yn Kabul yn Afghanistan. Syn famylje is dêr wei flechte doe’t hy noch in jonkje wie. Hoe sjocht hy tsjin de hjoeddeistige situaasje yn it lân oan, en wat fynt hy derfan dat Nederlân nochris wer 130 ekkstra militairen dêr hinne stjoert?
www.farshadbashir.nl

Omrop Fryslân, Faktor Freed, 27 oktober 2006 om 19.15 uur

Bron: teletekst Omrop Fryslân, 27 oktober 2006

Bashir (SP) lukt klacht wer yn

It Ljouwerter riedslid Farshad Bashir (SP) hat freed op in rjochtsitting yn Den Haach syn klacht tsjin de gemeente Ljouwert fuortdaliks wer ynlutsen. Hy hie in klacht yntsjinne oer húsbesites by minsken mei in útkearing.

Bashir hie him oansletten by in groep fan 81 minsken. Sy easken yn in koart pleit dat 21 sosjale tsjinsten ophâlde mei de húsbesites. Mar om’t Bashir sels gjin útkearing hat, hat er gjin persoanlik belang yn dizze saak.

Bron: teletekst Omrop Fryslân, 15 september 2006

Nei de slach

‘Dat was me het weekje wel’, soe ús Hollânsktalige FNP-er wol sizze. Earst al dy skok fan Repke dy’t syn pypke oan Bert joech. Folslein onferwachts; foar ús as leden, mar ek foar de boargemaster, dy’t dêr tiisdeitejûn syn fernuvering oer útspriek.
It wie de jûn fan it ôfskie. De fjouwer âlde getrouwen: Hillie, Lucy, Minke en Wietze. Mar ek noch alve oaren, neffens krante en webside. Mar op dy foto’s wienen mar 14 te finen en op dy fan gemeentewege mar mei 13 nammen yn it byskrift. It bêste keal út it hok, Fokke Klaver, waard net neamd; is D66 al net genôch ôfstraft troch it lanlike partijgebûkel?

Treffend trouwens hoe ‘t Middel – sels soe er skriuwe: Bert, want hy wie o sa foarnammefokust, sei er – nei noch mar in goed hondert regeardagen dy ôfswaaiers karakterisearre.

Hy wie trouwens hielendal goed op dreef ferliden wike. Tongersdeitejûn, by de befestiging sil ‘k mar sizze, iepene er de plechtichheid mei ‘t flotwei foarlêzen fan ‘e formule dy’t dan brûkt wurde moat. Mar yn ‘t FRYSK, ferdomd! Yn gjin jierren foarfallen. Noch noait miskyn, of it moat onder Rinse Zylstra west ha.

Dat fyn ik no nijs. De nije Drachtster ha ‘k it net yn fûn, de Ljouwerter hie ‘t freed krekt yn ‘Gehoord en gezien’. ‘ZE STONDEN even met hun oren te klapperen. Onder meer de Surinaamse familieleden en vrienden van het Drachtster raadslid Harry Balgobind verstonden niks van het taaltje’, ensfh. Dat wat denigrearjend oandwaand ‘taaltje’ stiet my net oan dêrom. En wat dat earklapperjen oanbelanget: letterlik noch figuerlik wat fan fernaam, en ik siet flak achter de famylje…

‘k Bin trouwens bang, dat de har taalkundige bagaazje onderskat wurden is: tsjin Harry sels ha ‘k noch noait oars as Frysk praat, sonder kommunikaasje-problemen en ien fan syn fans wennet al 30 jier yn Drachten, fertelde er my op wei nei ‘de bok’.
Boppedat, it jongste riedslid – Farshad Bashir fan ‘e Ljouwerter SP, út Afghanistan – koe lêstendeis it Frysk fan de Omrop Fryslân-onderfreger mar knap wikselje. Om koart te gean: wy hoege ússels as Friezen yn Fryslân net te diskriminearjen. Dat dogge dy Frysktalige aspirant-bestjoerders al genôch, dy’t de foarset fan ‘e folbloed-Grunneger Middel der net ynkopten, mar spikerhurd de gelofte of de eed yn ‘t Hollâns ôfleinen. Wat moatte we mei sokke slopankelige fertsjintwurdigers.

Gelokkich hie Wietze Lap mear rêchbonke toand: hy hie ‘t tradysjonele lintsje foar langer as tolve jier riedslidmaatskip wegere. Troch de jierren hinne hat er fansels wol altyd in steil wurd fierd, mar as it nypt en weder nypt, moat men ‘t mar ôfwachtsje. Syn, ek o sa prinsipjele , fraksjegenoate fan destiids, Noor Claase, liet har doch mar moai onderskiede, hoe bot as se yn har jonge(re) jierren ek tsjin ‘t systeem oanskopt hie…

De Wylgen Koop C. Scholten

N.S. Soe Middel saterdeijonne ek op ‘veurjoarsveziede’ west ha by de Grunneger Sproak? Adeldom ferplichtet al, fansels…

Bron: fnp-smellingerlan.nl, 20 maart 2006

Faktor Freed: hoe is’t no mei…

Hoe is’t no mei:….Farshad Bashir fan Ljouwert, it jongste riedslid fan hiel Nederlân. Farshad is 18 jier en sit noch op skoalle (eineksamenklasse VWO). Hy komt foar de SP yn de Ljouwerter gemeenteried. By de gemeenterieds-ferkiezings behelle hy mar leafst 408 foarkarstimmen. Hoe sil hy it politike wurk kombineare mei skoalle en wat wurde syn spearpunten?

Omrop Fryslân, Faktor Freed, 10 maart 2006 om 19.15 uur

Bron: teletekst Omrop Fryslân, 10 maart 2006

Jongste riedslid is Ljouwerter

It jongste riedslid fan Nederlân komt foar de SP yn Ljouwert yn de ried. It is de 18-jierrige Farshad Bashir. Bashir helle by de ferkiezings 408 foarkarstimmen.

It jongste riedslid sit yn de eineksamen-klasse fan it VWO. Hy sil him yn de ried dwaande hâlde mei jongereinsaken, ûnderwiis, kultuer en sport. De SP wûn yn Ljouwert ien sit derby, en hat aanst 4 sitten.

Bron: teletekst Omrop Fryslân, 8 maart 2006

Nij politk talint

Grize koppen dy’t tige lange eamelferhalen tsjininoar hâlde sûnder wat te sizzen. Dat sil ûngefear it byld wêze dat libbet by de jongerein as se de wurden regear, provinsjale steaten en gemeenterie hearre. Der binne no lenkear ek net in soad hippe, jonge minsken dy’t aktyf binne yn dy wrâld fan riedstikken, moasjes, diskusjes en soksoarte saken. Ek al binne der net in soad, se binne der lykwols al.
STYL portrettearre fjouwer jonge minsken dy’t op ‘e kieslist stean foar de gemeenteriedsferkiezings fan 7 maart.

Farshad Bashir, SP, Ljouwert


Tekst: Jelma Wiegersma
Foto: Jouwert Honderd

Farshad sit yn de sechsde klasse fan it Ateneum fan de RSG Magister Alvinius yn Snits. Hy is berne yn Kabul, Afghanistan, en yn 1996 is syn famylje nei Nederlân ta gien. Sûnt in jier wennet Farshad yn Ljouwert. Hy makket in goeie kâns om yn de gemeenteried te kommen. Hy stiet nr. 2 op de list foar de SP en dy partij hat no trije sitten. Bysûnder om’t Farshad noch mar 18 jier is.

Hy is yn 2002 lid wurden, hat him dwaande hâlden mei ROOD, de jongereinôfdieling tan de SP en twa jier lyn is hy bestjoerslid wurden fan de SP yn Ljouwert. Farshad is ferantwurdlik foar it organisearjen en koördinearjen fan aksjes. Lykas it ferhûzjen fan it Frysk Museum nei it Saailân en fansels de kommende gemeenteriedsferkiezings. Farshad: ‘Ik wil me vooral bezighouden met en voor de jongeren. Ik heb veel kennissen in alle hoeken van de stad. Ik wil naar hen luisteren en hen vertegenwoordigen in de gemeenteraad. Zo kan ik ervoor zorgen dat er dingen voor hen gerealiseerd worden waar ook echt behoefte aan is. Verder heb ik redelijk wat kennis op het gebied van milieu en ik ben zeer geïnteresseerd in het integratievraagstuk. Dit zijn punten waarop ik mij in wil gaan zetten voor de gemeente.’

Farshad is de iennichste fan syn klasse dy’t lid is fan in politike partij. Hoe kin dat? Farshad tinkt dat it te krijen hat mei twa dingen: it synisme fan de jeugd foar de polityk oer (‘Kinst dochs neat feroarje’) en it tekoart oan goed ûnderwiis oer steatsynrjochting. ‘Jongeren weten niet meer hoe sociale voorzieningen tot stand zijn gekomen. Dat deze voorzieningen zijn verkregen door ervoor te demonstreren en te staken. Dat is een gemis! Als ze deze kennis wel zouden krijgen zou het cynisme veranderen en zou er een hernieuwd geloof in de arbeidsstrijd kunnen worden gewonnen.’

Farshad hat hiel dúdlik keazen foar de SP, ‘Nederland is een rijk land. Je vraagt je af waarom er problemen met het onderwijs zijn, en wachtlijsten in de zorg. Waarom wil het hier niet lukken met integratie? Waarom voelen zoveel mensen zich onveilig op straat? De grote politieke partijen zijn niet te vinden op straat, die zitten in hun kantoortjes en achterkamertjes beleid uit te denken. De SP is juist te vinden op straat. Ze durven voor hun rode karakter uit te komen en ze staan open voor discussie. Die voeren ze onder andere op de scholen en de werkvloeren. Je komt ze overal tegen en dat is een wezenlijk verschil met de grote partijen. De SP is tegen achterkamertjespolitiek en voor meer openheid en eerlijkheid.’

Bron: Styl, maart 2006

Gemeenteriedsferkiezings & allochtoane kandidaten

7 maart, gemeenteriedsferkiezings. Yn 31 Fryske gemeente is de kampanje no goed los. Op hieltyd mear listen komme ek nammen foar fan allochtoane kandidaten. Yn Omnium sitte der fannemiddei in pear oan tafel om te praten oer riedsferkiezings, politike ambysje en politike yntegraasje.

Presintaasje: Rene Koster

Omrop Fryslân Radio, Omnium, 23 februari 2006 om 16.30 uur

Bron: teletekst Omrop Fryslân, 23 februari 2006

Myndomyn: Farshad Bashir

Farshad Bashir is 17, wennet yn Ljouwert en is aktyf lid fan de SP. Hy sit foar de partij yn it linkse platfoarm KEER HET TIJ, en stridet tsjin it belied fan de regering. Ek is hy bestjoerslid fan it kernbestjoer SP Ljouwert.

En as dit noch net genôch is, hy makket ek noch diel út fan de saneamde “Groep van Dertig”. Dit binne tritich jongeren dy’t 1 kear yn’e moanne les krije fan Jan Marijnissen. It doen is harren klear te stomen foar in politike loopbaan op it heechste nivo.

Omrop Fryslân, Myndomyn, 28 september 2005 om 18.45 uur

Bron: teletekst Omrop Fryslân, 28 september 2005